Hoofdtekst
It is in kear gebeurd, doe roan Ynse troch de buorren fan Bakkefean. Doe wienen der trije mannen dwaende mei 't laden fan beammen op in wein. Ynse bleau der by stean. Der wie ien beam by dy wie folle grouwer as de oaren en dy koenen se net op 'e wein krije. Doe sei ien fan harren tsjin Ynse: "Kinne jo ús in hantsje helpe?"
Ynse wie tige stadich yn syn praet en sei: "Nou ja, ik kin wol even helpe. As jimme mei jim trijen de dikke ein krije, dan nim ik allinne de lichte ein." "Dat kin net," seinen se, "Jo kinne allinne de lichte ein net tille en wy mei ús trijen de dikke ein net."
Doe sei er: "Dan krekt oarsom. Ik allinne de dikke ein en jimme mei jim trijen de lichte ein."
Doe bisochten se dat, mar dat woe ek net. Hja koenen mei har trijen de lichte ein net fan 'e groun krije.
Doe sei Ynse: "Gean mar wei." Doe died er de jas út en doe hat er de grouwe beam hielendal allinne op 'e wein goaid, earst de iene ein, doe de oare ein. Doe seagen de mannen elkoar raer oan en seinen: "Jo wurde bedankt." En doe gongen se mei har trijen de herberch yn om in romerfol. Mar sy nommen Ynse net mei, wylst se wol wisten dat dy graech ien mochte.
Doe seach Ynse de trije mannen nei en doe hat er hwat yn himsels mompele en doe nei de wein sjoen en doe is er hinnegien, doe hat er dy grouwe beam wer fan 'e wein op 'e groun smiten. (Dit forhael fortelde ús mem)

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Drie mannen vroegen Ynse om hulp bij het laden van boomstammen. De boomstammen waren te zwaar voor de mannen, en Ynse deed het werk helemaal alleen. Toen hij klaar was, bedankten ze hem. Hierna gingen ze naar de herberg om iets te drinken, maar ze vroegen Ynse niet mee. Dit maakte hem zo boos dat hij alle boomstammen weer van de wagen afhaalde.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 123, verhaal 2
Commentaar
29 oktober 1966
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Grote Ynse van Bakkeveen   
Naam Locatie in Tekst
Greate Ynse fan Bakkefean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21