Hoofdtekst
Yn 'e Westerein en Twizelerheide dienen se froeger in hiele protte oan fierspringen. Der is sels ien, dy is der syn levenlang ûngelokkich troch woarn, dat wie Keimpe Kruk (= Keimpe Wybenga). Dy moest letter altyd op krukken rinne.
Mar der wenne ek ien, yn 'e Westerein, dy koe folle fierder springe as de oaren. En dêr wied er net in bytsje greatsk op. Mei flokwurden en al sahwathinne swetste er dat der wie net ien dy't tsjin him fierspringe koe. Ek de duvel net.
Doe op in kear woe der ien tsjin him fierspringe. Net ien dy't dy fremde persoan koe. Mar dyselde woun it hyltyd. De Westereinder koe 't net hâlde. Dy oare koe hyltyd hwat fierder springe as hy. Op it lêst sprong dyselde oer de Kûkhernsterfeart. Dêr liet er in print achter yn in stien fan in hynstepoat. Doe wist de Westereinder dat er mei de duvel sprong. Doe hâldde er op.
Dy duvelsprint stiet dêr noch altyd yn 'e stien.

Onderwerp
SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.   
Beschrijving
Een jongen beweerde verder te junnen springen dan de duivel. Toen hij het op een keer maar niet kon winnen, bleek het de duivel te zijn.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 123, verhaal 8
Commentaar
29 oktober 1966
Kampf mit dem Teufel.
Naam Overig in Tekst
Keimpe Kruk   
Keimpe Wybenga   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Twizelerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21