Hoofdtekst
Albert Alma, de heit fan dikke Fokke en Taeke en Wibe, wie in maet fan 'e duvel. Dat wist elkenien wol. Op in nacht kom er dronken thús. De doar stie foar him iepen. Dat hie de duvel dien. Der stie in miel iten foar him op 'e tafel. Hy wie bot ûnrêstich en seach hyltyd mar bang om him hinne. Doe wied er nei 't achterhûs ta gong. Dêr hied er syn keal stean. Doe gong er by de leider op nei de souder ta. Oan 'e achterkant fan 'e souder, dêr stie de boaze op him to wachtsjen. Doe ha se dêr fochten togearre en wol sa bot, dat alles rekke bûtendoar, it keal ek en alles kaem fan boven.
Onderwerp
SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.   
Beschrijving
Een man, die het met de duivel hield, kwam eens dronken thuis. De deur stond al open en op tafel stond een maaltijd klaar. De man ging naar het achterhuis, en met een ladder klom hij de zolder op. Daar stond de Boze hem op te wachten en ze vochten zo vreselijk dat de hele zolder naar beneden kwam.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 125, verhaal 5
Commentaar
3 april 1966
Kampf mit dem Teufel.
Naam Overig in Tekst
Albert Alma   
Fokke   
Taeke   
Wibe   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
