Hoofdtekst
Der wie in man dy hie forlet fan jild. Doe kom de duvel by him. Dy seach der út as in knappe mynhear. "Siz mar hoefolle ast ha wolste", sei dy mynhear. De man neamde it bidrach. Doe sei de duvel: "Nou mat ik ek hwat fan dy ha. Hwatstû moarnmoarne it earst fêstbynste, dat is fan my." Dat woarde ôfpraet.
Mar de jouns gong de man nei dûmny ta. Dy fortelde er alles.
Dûmny sei:"As jo der moarn ôfgeane dogge jo hoasbannen om. Dan soe jou lichum foar de duvel wêze. Jo matte jo moarnmoarne, as jo fan bêd komme, net oanklaeije, mar neaken nei de skuorre gean en dêr in skeaf strie bine. As jo dat dien ha kinne jo jo oanklaeije. Dan is de skeaf foar de duvel."
Dat hat de man dien. Doe't er de bân om 'e skeaf lein hie de oare moarns wie de skeaf brânnendewei fuortstoud.

Onderwerp
VDK 1191B* - Het eerste wat gebonden wordt   
Beschrijving
Een man had geld nodig. De duivel bood hem het geld aan op voorwaarde dat het eerste wat de man de volgende ochtend aan zou raken, voor hem zou zijn. 's Avonds vertelde de man de dominee over deze afspraak. Deze legde uit dat zodra de man de volgende ochtend zijn kousenbanden aan zou trekken, zijn lichaam van de duivel zou zijn. Daarom moest hij zich niet aankleden, en naakt naar de schuur gaan. Daar moest hij een schoof stro pakken, die zou dan voor de duivel zijn. Toen de man de volgende dag de schoof vastmaakte, verbrande de schoof.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 125, verhaal 22
Commentaar
3 april 1966
Het eerste wat gebonden wordt
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21