Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ012601

Een sage (mondeling), maandag 07 november 1966

Hoofdtekst

Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74.
Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai biricht as foar jou kammeraet. (wy wienen beide like âld) Hja sei: "Jo leve gjin healjier mear. Mar ik wol net sizze, dat jo dan net langer libje kinne. Mar jo tinke josels binaud. Jo binne yn 'e terskmesine?"
Dat kloppe.
It wie doe yn 'e oarloch fan '14.
Doe't it seis wiken fierder wie, waerden der trije man fan 'e terskmasine ophelle troch de plysje. Alle trije hienen se stellen. Kees Deukelaar hie 48 boeremetwoarsten stellen út in hutte by in boer út Ezinge.
Piter Hoving fan Ezinge sloech in fette guos en in knyn dea by in boer.
Berend Bakker, myn maet hie by in boer alle koperen wichten fan 'e baskule meinom en alle koperwurk fan 'e hynstetugen ôfsnien. Hy hie foar in tachtich goune oan koper nadere. Hja rekken alle trije yn 'e bak. Berend krige in healjier. Hy tocht him yn 'e sel sa binaud, dat hy hat himsels opknope mei bihelp fan in blau ûnderlekken.
't Kom krekt sa út lyk as de wiersizter sein hie.


Onderwerp

SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.    SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   

Beschrijving

Een waarzegster voorspelde een man dat hij geen half jaar meer zou leven. Hij kón wel langer leven, maar hij zou zichzelf benauwd voelen. Zes weken later werd de man door de politie van de dorsmachine afgehaald, en gearresteerd. Voor het stelen van koper kreeg hij een half jaar gevangenisstraf. In de cel dacht hij zich zo benauwd, dat hij zichzelf met behulp van een blauw onderlaken opknoopte.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 126, verhaal 1

Commentaar

7 november 1966
Andere Todesvorzeichen.

Naam Overig in Tekst

Kees Deukelaar    Kees Deukelaar   

Piter Hoving    Piter Hoving   

Berend Bakker    Berend Bakker   

Lukaswoude    Lukaswoude   

Roan    Roan   

Naam Locatie in Tekst

Ezinge    Ezinge   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21