Hoofdtekst
't Is net like folle hwat men docht of hwat men seit.
Yn it café fan IJe Hulshof yn Surhuzum wienen op in joun in stik of hwat greate spotters byelkoar. Dy praetten ûnderinoar ôf, sy woenen dêr it heilich avondmaal fiere. Dy't foargean soe, hie in swart dûmnyspak oanlutsen en in hege hoed opset. Hy soe 't avondmaal útdiele. Se hienen bôlle en wyn kocht.
Dat wie in sekere Bindert Kloosterman. Mei dat er de bôlle oan 'e oaren útdiele soe, wienen alle lampen út. De frou fan myn memme broer tsjinne dêr doe as faem by IJe Hulshof. Dy fortelde letter, 't hie der sa bot oan wei gong, yn 't tsjuster, dat it wie noait liker as woarde it hiele café ôfbrutsen. Sa'n lawaei hie der west.
Deselden dy't it avondmaal fierden, wisten letter net hoe't se thúskom wienen. Bindert Kloosterman wie trije kearen oer de feart smiten woarn ûnderweis troch de duvel.
De kastlein doarst twa dagen lang net yn 't café komme.

Onderwerp
SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.   
Beschrijving
Een paar spotters zouden in een café het avondmaal vieren. Eentje had zich als dominee verkleed, en ze hadden brood en wijn gekocht. Tijdens het brooduitdelen gingen opeens alle lampen uit. In het donker ging het er ruig aan toe, en er was een vreselijk lawaai. Hoe ze thuisgekomen zijn, wisten ze later niet meer. De verklede dominee werd onderweg naar huis door de duivel drie keer over de vaart gesmeten. De kastelein durfde twee dagen lang niet in het café te komen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 126, verhaal 10
Commentaar
7 november 1966
Kampf mit dem Teufel.
Naam Overig in Tekst
Bindert Kloosterman   
IJe Hulshof   
Naam Locatie in Tekst
Surhuzum   
Surhuizum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21