Hoofdtekst
Hoe't men in wikseldaelder krijt:
As men in wikseldaelder ha wol, mat men durf ha. En men mat nergens oan leauwe.
Men mat in swarte kat oantuge. Dy kat mat men op 'e rêch yn in sekje drage. It mat roettsjuster wêze, gjin ljochtmoanne. Dan mat men 't hiele tsjerkhôf trije kear yn 't roun rinne. Elke kear as men it yn 't roun roan hat, mat men op syn minst fiif kear sizze: "Duvel, hwat jowst foar dy kat?"
De trêdde kear as men 't tsjerkhôf roun west hat, stiet der in lyts mantsje njonken jin. Dy seit: "In daelder."
Men mat persé net mei him handelje en sizze, dat jin dat to min is. Hwant dan geane jo der sels oan. Men moat fuortdaelks gelok jaen.
As hy in daelder bean hat en men seit: "Gelok", dan is de sek mei de kat fuort, sûnder dat men it fornimt. Dy is jin dan fan 'e rêch nom. En yn jins rjochterhân leit iengounefyftich.
Mar dan laket de duvel.
As jo de hiele daelder fuort de earste kear hielendal útjowe, binne jo him foargoed kwyt. En dan binne jo dyselde deis noch in proai fan 'e duvel. Mar hâlde jo, om samar to sizzen, in kwartsje oer, leit deselde daelder even letter wer njonken it kwartsje yn 'e beurs. Bihalve de earste kear meije jo him altyd wol yn syn gehiel útjaen. Trije kear deis komt er wer by jo, faker net. Mar wòl leit er de oare deis wer yn jou beurs. Dan kinne jo him dy deis dus mar wer trije kear útjaen.
Letter hellet de duvel jo op. Dêr ûntkomme jo net oan. Jo krije in rare dea.
Doe't ik jong wie, woe 'k in wikseldaelder ha. Ik gong mei in swarte kat yn in sek nei 't tsjerkhôf ta, mar doe't ik der wie, woarde ik binaud.
Auke Helmhout wie wurkfeint by de van der Veens yn Stiensgea. Dy hie in wikseldaelder.

Onderwerp
SINSAG 0882 - Der Wechseltaler (Teufelsgulden) wird mit viel Mühe erworben, und kehrt immer in die Tasche zurück.   
Beschrijving
Om van de duivel een tovermuntstuk te krijgen, moet je veel lef hebben. Met een zwarte kat in een zak op je rug moet je drie keer rond het kerkhof lopen. Daarbij moet je zeggen: "Duivel, wat geef je voor de kat?" Na de derde keer staat er dan een klein mannetje die een daalder wil geven. Je moet zeggen dat je dat te min vindt. Dan krijg je een daalder in je hand, en is de kat van je rug af.
Als je de daalder de eerste keer in zijn geheel uitgeeft, ben je hem kwijt. Daarna kan je hem drie keer per dag helemaal uitgeven, elke keer komt hij weer terug in je beurs.
Je krijgt een rare dood. De duivel haalt je op.

Bron
Corpus Jaarsma, verslag 126, verhaal 12
Commentaar
7 november 1966
Der Wechseltaler (Teufelsgulden) wird mit viel Mühe erworben, und kehrt immer in die Tasche zurück.
Naam Overig in Tekst
Auke Helmhout   
van der Veen   
Naam Locatie in Tekst
Stiensgea   
Augustinusga   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21