Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ012614

Een mop (mondeling), maandag 07 november 1966

Hoofdtekst

Meester en juffer hienen in papegaei, dy't prate koe. 't Wie saterjemiddei. Juffer hie 't wurk dien en alles wie kreas en opret. Hja hie dweilskrobbe en sân struid. Doe gongen meester en hja der togearre op út. De papegaei bleau allinne thús.
Doe kom de brantstofhandler. Dy sei: "Mat meester ek turf ha hjoed?"
De papegaei sei: "Jawis."
"Hoefolle?"
"Mar tûzen", sei de papegaei.
"Hwer matte se hinne?"
"Smyt se dêr mar op 't hiem."
Meester en juffer kommen even letter thús. Sy wienen lulk, hwant de hiele moaije skjinne strjitte wie bidoarn en sy koenen dy turf der op saterje-middei net mear weikrije foar de snein, dêr wie it to let foar.
"Hwa hat dy turf bisteld?" frege meester.
"Ikke. Hwa oars?" sei de papegaei.
Doe sloech meester de papegaei sa bot mei in turf, dat de kop kom der bryk oan to sitten. Foar straf moest er de hiele nacht by de turf sitte.
Doe kom der in mantsje oan, dy hie hwat in brike nekke.
Doe sei de papegaei tsjin him: "Och heden, ha jo ek turf bisteld?"

Onderwerp

SINAT 0218* - Der sprechende Papagei kauft Holz und bekommt Prügel    SINAT 0218* - Der sprechende Papagei kauft Holz und bekommt Prügel   

ATU 0237 - The Talking Parrot    ATU 0237 - The Talking Parrot   

Beschrijving

Een meester en juffrouw hadden een papegaai, die praten kon. Op zaterdagmiddag waren ze op pad, toen de brandstofhandelaar kwam. Toen hij vroeg of de meester nog turf wilde, bestelde de papegaai duizend stuks, en hij liet ze op het erf zetten. Toen de papegaai de boze meester vertelde dat hij die turf besteld had, sloeg de meester hem een scheve nek. Voor straf moest de papegaai de hele nacht bij het turf op het erf zitten. Toen kwam er een man aan met een scheve nek. De papegaai zei tegen hem: "Och heden, heb jij ook turf besteld?"

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 126, verhaal 14

Commentaar

7 november 1966
Der sprechende Papagei kauft Holz und bekommt Prügel

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21