Hoofdtekst
Japik Ingberts hat yn 'e Westerein wenne en ek achter Grins. Hy wie folle gochumer as syn tijdgenoaten. Hy koe lêze en skriuwe en goed mei it folk omgean.
Hy hat feint west op 'e Lytse Geast. Op in kear wied er by de boer yn 't lân. Doe tocht er: "Ik gean mei 't hynder nei de merk ta en forkeapje 't , dan ha 'k in moaije duit." Doe stoppe er kleanspul ûnder 'e jas op 'e rêch, dat it like krekt as hied er in buchel. Op Ljouwerter merk forkocht er it hynder fan syn boer. It jild dat er barde, hâldde er foar himsels. Hy koe hurd rinne en roan skean it Alddiel oer. Mei de polsstôk sprong er oer de feart. Doe wied er noch foar iterstiid al wer yn 't lân.
Doe't it iterstiid wie, sei er tsjin 'e boer: "It hynder is fuort boer."
Doe't se socht hienen en 't nergens fine koenen, sei de boer: "Miskien is 't wol op Ljouwerter merke. Dêr matte wy mar ris op ta.
Sy gongen der togearre hinne en ja, dêr stie it hynder al.
"Fan hwa ha jo dit kocht?" frege de boer.
Doe sei de koopman: "Hy liket folle op deselde, dy't jo dêr by jo ha. Mar dy is it net, hwant dyselde hie in buchel." De boer kocht syn eigen hynder wer.

Onderwerp
VDK 1525Z* 3 - Japik Ingberts verkoopt als bultenaar een gestolen paard (koe)   
Beschrijving
Japik Ingberts was veel goochemer dan zijn tijdgenoten. Hij kon lezen en schrijven en goed met het volk omgaan.
Verkleed als een bochelaar verkocht Japik eens het paard van de boer op de markt in Leeuwarden. Daarna liep hij snel terug naar zijn werk, en voor schafttijd was hij weer terug op het land. Hij vertelde de boer dat het paard weg was. Samen gingen ze op de markt kijken of het beest daar misschien was. Toen de boer zijn paard vond, vroeg hij aan de eigenaar van wie hij dat paard had gekocht. Deze zei van een man die op zijn knecht leek, alleen dan met een bochel. De boer kocht zijn eigen paard weer terug.

Bron
Corpus Jaarsma, verslag 128, verhaal 11
Commentaar
13 november 1966
Japik Ingberts verkoopt als bultenaar een gestolen paard (koe)
Naam Overig in Tekst
Japik Ingberts   
Alddiel   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Grins   
Westerein   
Lytse Geast   
Groningen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21