Hoofdtekst
Oer 't spoar wenne in minske, dat wie Sytse Diuwke. Dat minske forstoar.
Op in kear doe't Sytse it fjild yn wie mei tsiis, wie har mem dêr yn 'e hûs. Doe kom it forstoarne minske der stadich yn. Sy roan op 'e kast ta en bleau foar de sydkant stean. Doe gong se der wer stadich út. Ek in plysje, dy't dêr flak by wenne, hie har al us by de daem stean sjoen. Doe skreauwen se nei Sytse, dat hy moest opslach thúskomme.
Doe't Sytse thús wie, kom it deade minske de jouns wer yn 'e keamer. Sy gong taestendewei by de kast lâns en bleau foar de sydkant stean. Doe gong se wer fuort.
Op 'e side fan 'e kast stie noch skuld. Dat wie noch net bitelle. Mei krytstreken stie dat oanjown.
Doe hat Sytse gau dy skuld bitelle en sûnt dy tiid ha se noait wer lêst hawn.

Onderwerp
SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   
Beschrijving
Een dode vrouw kwam elke keer terug in haar huis en ging dan bij de zijkant van de kast staan. Op die zijkant stond nog een schuld. Toen haar man de schuld snel betaalde, bleef ze weg.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 129, verhaal 15
Commentaar
14 november 1966
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).
Naam Overig in Tekst
Sytse Diuwke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21