Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ013005

Een sage (mondeling), dinsdag 13 december 1966

Hoofdtekst

Op in kear hie 'k nei Surhuzum ta west mei de tinte. Ik ried de jouns mei de hounekarre wer nei hûs ta. Ik wie op 'e Nije Wei yn 'e Harkema sahwat oan 'e reed fan Tsearde Jouk ta. Doe woenen de hounen ynienen net mear lûke. Sy bleauwen stokstiif stean.
Ik wie omtrint thús. Ik moest noch twa hoeken om. Ik ha de karre sels fierder lutsen. Doe't ik thús kom stie Marij (syn wiif) op 't hiem. Hja sei: "Sy binne de hiele joune mei de wynmoune oan 'e gong. Ik tink dat dêr in keardel is to smarren."
Dy wynmoune (= wynmotor) stie in eintsje fan ús ôf.
Doe't wy dêr sa stienen, kom der in hiel sterk ljocht oan. It gers wie sa grien as it oerdei noait wêze kin. En de beammen ek. Dat ljocht kom op ús ta. It gong foar ús lâns en doe gong 't ek wer fan ús ôf.
Hwat dat west hat, ha wy noait witen. Mar de hounen hienen 't al fan tofoaren fornom.


Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Een man is met de hondenkar op weg naar zijn huis, als de honden niet meer verder willen trekken. Thuis op het erf aangekomen komt er een heel raar, groot licht aan. Het licht maakt het gras en de bomen nog groener dan overdag. Zo snel als het gekomen was, verdween het ook weer.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 130, verhaal 5

Commentaar

13 december 1966
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen

Naam Overig in Tekst

Tsearde Jouk    Tsearde Jouk   

Marij    Marij   

Naam Locatie in Tekst

Surhuzum    Surhuzum   

Surhuizum    Surhuizum   

Nije Wei    Nije Wei   

Nieuwe Weg    Nieuwe Weg   

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21