Hoofdtekst
Rikele Myt wie in greate tsjoenster. Sy helle altyd wetter út 'e put by myn memme suster Trynmoai.
Doe rekke it dochterke fan Trynmoai bitsjoend. 't Bern gûlde jouns altyd, dan hie 't stumper pine. Doe gong Japik-om nei de duvelbanner ta. Hy krige guod, dêr moesten de mem en it berntsje elk fan ynnimme. En it bern moest fan 't boarst.
Doe frege Japik-om: "Hwa hat har bitsjoend?"
Mar dat woe de duvelbanner net sizze. Hy sei allinne:
"Deselde dy't faek by jimme komt, mar nou ynienen weibliuwt, dêr matte jim om tinke."
"As ik it wist, dan soe 'k har", sei Japik om.
"Hwat soenen jo dan?" frege de duvelbanner.
"Dan sloech ik har dat se formoarzele woarde."
"Sy hie jo gauwer dea as jo har", sei de duvelbanner.
Rikele Myt bleau ynienen wei. It wie dus dúdlik dat dàt de tsjoenster wie.
Der sieten trije krânsen by Trynmoai yn 't kessen. De trêdde krâns wie gelokkich noch net ôfmakke. Hwant oars hie it bern dea west.
Op 'e earste krâns stie: Let op de vrome. Datselde stie ek op 'e twadde krâns. Op 'e trêdde krâns stie neat to lêzen. Sy ha de trije krânsen opbrând.

Onderwerp
TM 3109 - Heksenkrans in kussen   
Beschrijving
De vader van een ziek kind gaat naar de duivelbanner toe en vraagt wie het kind betoverd heeft. De duivelbanner zegt: "Degene die vaak langskwam en nu ineens niet meer." In het kussen van het kind vonden ze drie kransen. Op de eerste twee stond: "Let op de vrome." Op de derde stond niets. De kransen zijn verbrand en het kind is beter geworden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 131, verhaal 6
Commentaar
17 november 1966
Heksenkrans in kussen
Naam Overig in Tekst
Rikele Myt   
Tryn   
Japik   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21