Hoofdtekst
Op in kear roan ik mei Imke de Jong op. Ik hie nei Gerdykster merke ta west.
"Hat it hjir feest west, fanke?" frege er.
"Ja," sei 'k, "ik ha nei de Gerdyk west."
Hy hie platte skuon oan mei sulveren gaspen en hoazzen, dêr't slankjes yn breide wienen. In blauwe sek droech er oer 't skouder, dêr hied er syn harmoanika yn. Hy spile wol by de huzen lâns.
"Wie 't moai op 'e merke?" frege er. Doe frege er of der ek in gûchelder wie. Ik sei: "Ja, mar men wyt noait hoe't se 't ha. Men kin se noait neikomme."
Hy hie in lyts wyfke by him, dat lake út en troch en bleau achter ús, doe't ik njonken Imke roan.

Beschrijving
Een meisje heeft wel eens een stukje naast Imke de Jong gelopen en met hem gepraat over een goochelaar op de markt.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 131, verhaal 23
Commentaar
17 november 1966
Naam Overig in Tekst
Imke de Jong   
Naam Locatie in Tekst
Gerdyk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21