Hoofdtekst
Op in kear kom ik by de faem wei sahwat om trije ûre hinne yn 'e moarn. Myn faem wenne ûnder Twizelerheide. Doe't ik yn Twizelerheide sels wie, tocht ik: "Hwat is dàt."
It wie net tsjuster. Ik seach in lykwein en in hynder mei in kleed en mannen. Ik gong alhiel oan 'e kant fan 'e wei lâns. Ik wie der sahwat in hûslingte fanôf. De mannen droegen de kiste nei de wein ta en setten him dêr op. Ik sil sahwat fjouwer en twintich jier west ha en wie alhiel net bang.
In setsje letter stoar de man, dy't dêr yn dat hûs wenne.

Onderwerp
SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   
Beschrijving
Een man zag eens voor een huis een doodskist in een lijkkoets gedragen worden. Niet veel later is de bewoner van het huis gestorven.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 133, verhaal 3
Commentaar
20 november 1966
Der Sarg gesehen
Naam Locatie in Tekst
Twizelerheide   
Twijzelerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21