Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ013419

Een sage (mondeling), zondag 04 december 1966

Hoofdtekst

Alle Tet wie in greate tsjoenster. Sy koe harsels yn in pod foroarje. Sa kom se dan by de minsken op bêd. Sy wie de greatste tsjoenster fan 'e Harkema.
Mar âlde Eke wie ek in tsjoenster. Dy hat us in bern bitsjoend. It bern woarde gammel en siik. Doe gong de man nei Wopke fan Kûkherne ta. Dat wie dêr de duvelbander, dêr reizgen se út 'e Harkema doedestiids in soad hinne. Wopke joech him in flesse mei guod foar it bern. De man die de flesse yn 'e bûse. Doe sprong der him ûnderweis in ding tsjin 'e jas oan. De flesse rekke dêrtroch yn alle moster. Dat ding dat seach der hast krekt sa út as in koekeal.
Doe gong de man werom nei Kûkherne ta. Wopke sei: "Hjir hast in nije drank. Mar dû mast der earst sels in lyts kromke fan opdrinke. Dan springt der dy net wer hwat by de klean op."
Doe't de man thús wie hat er fuort in stik duveldrek ûnder 'e drompel lein. En doe hat er it kessen iepensnien, dêr't it bern op slepte. Hwant dat hie Wopke sein, dat moest er dwaen. Doe founen se trije krânsen. Mar de trêdde wie noch net goed klear.
De man hat dy krânsen forbrând. Doe kom der in minske oan. Dat wie âlde Eke. Dy koe earst net oer de drompel komme, mar op 't lêst rekke se der doch oer.
De nachts lei de man op bêd, doe wienen 't allegear katten by him oer de flier. Doe skeat er op dy katten. Hy rekke der ien fan. De oare deis lei âlde Eke kreupel op bêd.
Eke en Tet, dat wienen èchte tsjoensters. Der wennen hjir ek wol guon yn 'e Harkema, dy koenen it sa goed net.


Onderwerp

SINSAG 0623 - Der geweihte Schuss    SINSAG 0623 - Der geweihte Schuss   

Beschrijving

De vader van een betoverd kind kreeg van Wopke, de duivelbanner een drankje mee. Onderweg naar huis sprong een ding op de man, en de vader moest naar Wopke terug voor een nieuw drankje. Thuisgekomen deed de man duivelsdrek onder de drempel en verbrandde de kransen die hij in het kussen van zijn kind vond. Diezelfde nacht waren er allemaal katten in zijn huis. Op een schoot hij raak. De volgende dag lag de heks kreupel op bed.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 134, verhaal 19

Commentaar

4 december 1966
Der geweihte Schuss

Naam Overig in Tekst

Alle Tet    Alle Tet   

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Eke    Eke   

Kûkherne    Kûkherne   

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21