Hoofdtekst
Yn 'e buert fan Fryskepeallen mat in hiel sterke keardel wenne ha. Sterke Ynse neamden se him. Froeger wienen de minsken wol oan 't stiensykjen. Dêr wienen se ek no mei dwaende yn Fryskepeallen.
Doe hie dêr in hiele grouwe bolstien lein. Net ien dy't dy bolstien tille koe. Mar Ynse hie him samar opnom en op 'e wein lein, dy't him nei de pream ta ried.
Ek us in kear doe hied er samar in wein optild. Hy hie de wein by 't tiksel beet hawn en him sa rjocht foar him hâlden.
Hy woardde faek by putsjes roppen, dêr't sterk folk by noadich wie.
"As ik it net dwaen kin," placht er to sizzen, "dan kin in hynder it ek net dwaen. Hy wie werkelik sterker as in hynder, seinen se.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke Ynse was sterker dan een paard. Een hele grote steen kon hij zomaar optillen, net als een wagen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 138, verhaal 3
Commentaar
27 oktober 1966
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Ynse   
Fryskepeallen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21