Hoofdtekst
Sy neamden Toon de koaning fan Marken. Dat kom sa. Op in snein makke Toon mei in stik of hwat kammeraten in reiske nei Marken. Dêr setten se de blomkes bûten. Sy woarden hwat dronken en Toon joech in oar syn faem in tútsje. Dêr kom deiliskip út fuort. De burgemeester en twa plysjes arrestearden Toon. Hy woarde boun.
Syn maten tochten: "Hoe sil dit gean?" Hwant hy wie sa ûnbidige sterk.
De plysjes brochten him nei 't kachot ta. Mar doe't se by 't kachot oanlânne wienen, hied er mei ien biweging de touwen kapot en krige er de hannen frij.
Doe sloech er syn earms om de plysjes en de burgemeester hinne en treau se yn 't kachot. De doar woarde op slot dien en doe sei Toon: "Nou ben ik vandaag Koning van Marken."
(Hy hat der letter gjin straf om krige, hwant de burgemeester hie leafst dat dit saekje mar yn 'e dôfpot bleau).

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Toon werd in Marken eens gearresteerd door de politie, omdat hij ruzie had gemaakt. Met zijn dronken hoofd had hij het meisje van een ander een kusje gegeven. Maar Toon was zo sterk dat hij zich uit zijn boeien bevrijdde en de agenten samen met de burgemeester het kachot in dreef. Hij deed de deur op slot, en zei: "Vandaag ben ik de koning van Marken."
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 140, verhaal 3
Commentaar
26 november 1966
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Toon   
Naam Locatie in Tekst
Marken   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21