Hoofdtekst
Der wie in widner, dy hie trije bern. Hy krige forkearing mei in widdou. Hy frege har of se mei him trouwe woe, mar hja seach hwat biswier yn 'e trije bern.
"Ja," sei er, "dêr kin ik net fan ôfsjen. Ast míj ha wolst, mast de trije bern ek nimme."
Hja sei doe: "Ei nou, dat kin ek net oars, fuort dan mar."
Doe kom er wer in kear by har, doe joech se him foar alle trije bern elk in apel mei. Hy tocht: "Hja is gelokkich foroare, se stiet net mear fijannich tsjin 'e bern oer." Mar hy forgeat de apels oan 'e bern to jaen. Hy lei se yn 'e kast.
De oare deis die er de kastdoar iepen. Doe wienen de apels der net mear. Mar der sieten trije podden yn 'e kast.
Doe tocht de man: "Hwat ik nou oanhelle ha, wyt ik net. Mar dit wyt ik wol, hja hat hwat mei dy apels dien."
Hy hat it fuort útmakke, hwant it minske wie in tsjoenster.

Onderwerp
SINSAG 0586 - Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten   
Beschrijving
Een weduwnaar wilde graag opnieuw trouwen. Maar zijn vriendin had wat bezwaar tegen zijn drie kinderen. Op een avond legde de man de drie appels die hij van haar voor zijn kinderen had meegekregen in de kast. De volgende dag waren de appels veranderd in padden. De man verbrak de relatie met de tovenaarster.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 141, verhaal 8
Commentaar
30 november 1966
Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21