Hoofdtekst
Hjir wenne in petroaljehandler. De petroalje waerd yn greate fetten fan 'e Feanwâldster trein helle. De petroaljeman en syn jonge hellen se op. Elk rêdde mei ien fet. Der sieten ringen oan dy fetten, dêr hienen se tou oan mei hekken op 'e ein. Op in kear hellen de heit en de soan elk wer in fet op. De jonge hie nergens lêst fan, mar by de man gongen hyltyd de hekken der ôf. As er mar wer in lyts eintsje fuort wie foelen se der wer ôf. Hy wie skjin forlegen. Jehannes Meerstra stie op 'e wei.
"Dat dochstû", sei de man tsjin Jehannes.
"Doch se der mar wer oan," sei Jehannes bidaerd wei, "se falle der net wer ôf. Mar dan moatte jo se der goed oan dwaen."
"Dat dochstû", sei de man tsjin Jehannes.
"Doch se der mar wer oan," sei Jehannes bidaerd wei, "se falle der net wer ôf. Mar dan moatte jo se der goed oan dwaen."
Beschrijving
Een vader en een zoon haalden altijd vaten petroleum van de trein. Op een dag vielen elke keer de vaten van de vader van de haken af. Even later zag hij Jehannes Meerstra op de weg staan. Hij deed dat.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 142, verhaal 15
Commentaar
30 juli 1966
Naam Overig in Tekst
Jehannes Meerstra   
Naam Locatie in Tekst
Feanwâlden   
Veenwouden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
