Hoofdtekst
Der wie us in jonkje, dat sloech syn mem altyd. It kom to forstjerren en it woarde nei 't tsjerkhôf brocht. Mar in wike of hwat letter kom de deagraver by de mem fan dat jonkje. Hy sei, sy moest by it graef komme.
Sy gong der hinne en doe seach se dat it rjochterhantsje fan it bern ta it graef út groeide.
Sy gong nei de dûmny ta en sy frege him hwat se dêr oan dwaen moest. Dy sei: "Jo matte in ryske krije fan 'e bjirk en dêr matte jo mei hinne en wer tsjin 't hantsje oan slaen."
Sy hat it dien en doe is 't hantsje wer ta 't graef yn gien. It hantsje hat him doe deljown en noait hat ien it wer sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0414 - Hand wächst aus dem Grabe.
  
Beschrijving
Uit het graf van een jongetje dat zijn moeder sloeg, groeide het rechterhandje van het kind. De dominee zei tegen de moeder dat ze het handje met een berkentwijgje moest slaan, dan zou het weer terug het graf ingaan. Zo gebeurde het.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 143, verhaal 1
Commentaar
10 december 1966
Hand wächst aus dem Grabe.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21