Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014303

Een sage (mondeling), zaterdag 10 december 1966

Hoofdtekst

Sint van der Veen wenne yn 'e Westerein, yn in âld houten keet. Alle jounen gong it dêr yn dy keet op in kaertspyljen. Dan wienen syn maten by him en it wie altyd wit hoe let yn 'e nacht foardat se ophâldden. It gong dêr sa bot op in sûpen en in flokken en in mâltjirgjen dat it wie in griis.
Sint syn wiif lei dan al op bêd, mar it wie har o sa bot yn 'e wei dat it dêr sa raer gong by harren.
Sy sei tsjin Sint: "As hjir mar gjin slach op komt. Wier, dit komt noait goed. Hâld dochs op mei dat kaertspyljen."
Doe op in kear, midden yn 'e nacht, kom der in mynhearke yn 'e keet. Dy frege of er mei kaertspylje mocht. - Nou, dat moest dan mar. Mar de mannen seagen al in bytsje skruten nei him, krekt as fortrouden se de saek net rjocht.
Doe lei dat mantsje de hân op 'e kaerten en hy nom alle kaerten mei en ek it jild dat op 'e tafel lei. En sa woarde er ek wer wei. Dat mantsje, dat wie de duvel. It wie in warskôging.
Sy ha dêr letter noait wer kaerte.


Onderwerp

SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).    SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   

Beschrijving

Een man speelde elke avond kaart met zijn maten. Het ging er elke keer zo ruig aan toe dat zijn vrouw hem waarschuwde dat dat wel eens mis kon gaan. Toen kwam er op een keer een mijnheer die mee wilde spelen. Hij won alle kaarten en al het geld. Dat was de duivel. Na deze waarschuwing hebben de mannen nooit meer gekaart.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 143, verhaal 3

Commentaar

10 december 1966
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).

Naam Overig in Tekst

Sint van der Veen    Sint van der Veen   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Westereinde    Westereinde   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21