Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014511

Een sage (mondeling), maandag 19 december 1966

Hoofdtekst

Sterke Ynse fan Bakkefean ha 'k wol kend. Myn omke Klaes Schriemer hie feanterij yn Bakkefean. Yn 'e Mieumerswyk farde in skip, mei turf biladen. Doe kom dat skip foar in daem, doe koe 't net mear foarút. In stik of hwat mannen wienen al oan 't lûken oan 'e iene kant, mar sy koenen gjin biweging yn 't skip krije. Doe kom sterke Ynse der oan. De skipper frege him oft er ek even mei lûke woe. Hy koe Ynse net. Hy woe ha, Ynse soe mei de oare mannen lûke, mar Ynse sei: "Né, ik gean oan 'e oare kant. Jow my mar in touke." It like de skipper net goed ta, dat hy allinne oan 'e oare kant lûke moest.
Mar Ynse skuorde it skip der allinne troch. "Klear!" rôp er, en dêr gong it hinne. De modder út 'e wyk protte alhiel oer de wâl hinne. Mar hy krige 't foar inoar.


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Sterke Ynse trok in zijn eentje een vastgelopen turfschip voort.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 145, verhaal 11

Commentaar

19 december 1966
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Ynse    Sterke Ynse   

Klaes Schriemer    Klaes Schriemer   

Naam Locatie in Tekst

Bakkefean    Bakkefean   

Bakkeveen    Bakkeveen   

Mieumerswyk    Mieumerswyk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21