Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014909

Een sprookje (mondeling), maandag 02 januari 1967

Hoofdtekst

It gouden ketting.
Koaning Redbad wie us op jacht yn Gaesterlân. It wie dêr tige ticht yn 'e bosk en it gebeurde, dat syn gouden ketting hekjen bleau achter in tokje, sûnder dat er it fornom.
Doe't er thús wie miste hy it earst. It muoide de koaning tige, hwant dit ketting wie noch in geskink fan syn wiif, de koaningin, dy't stoarn wie.
Dêrom love koaning Redbad in hege bileanning út foar deselde dy't him syn ketting werom brochte.
De minsken rekken allegear oan 't sykjen, mar net ien dy't it ketting foun.
Mar in dei of hwat letter wie der in lyts boerke út Gaesterlân oan 't houtsprokkeljen.
Dêr seach er ynienen hwat glinsterjen. Hy der hinne en jawol, dêr hong it ketting fan 'e koaning oan in tokje bijspylhout.
It boerke lit it hout yn 'e steek en dat giet yn tûzen hasten nei it paleis to Starum. Mar hy is der samar net yn. Hwant by de foarpoarte fan 't paleis stiet in skyldwacht. Dy freget: "Hwat woestû?"
"Ik woe graech by de koaning talitten wurde."
"Hwerfoar dàt?"
"Ik ha it gouden ketting foun."
Doe woe dy skyldwacht it boerke allinne mar trochlitte, as er in fjirdepart fan 'e bileanning krige.
Goed, dêr gong it boerke mei akkoart.
Mar hy wie noch net by koaning Redbad. Hwant by de foardoar fan 't paleis wie èk in skyldwacht.
"Hwat woestû?" frege dy.
Us boerke joech itselde antwurd dat er de earste skyldwacht jown hie.
Doe easke dy ek in fjirdepart fan 'e bileanning.
"Goed", sei it boerke en hy stevene fierder.
Mar doe kom er by in lakei, dy't him by de koaning bringe moest. Dy woe him ek al net helpe sûnder bileanning.
Hy woe de helte fan 't geskink ha.
"Toe dan mar", sei it boerke, en ja hear, dêr wied er dan einlings en to'n lêsten yn 'e sael, dêr't koaning Redbad op 'e troane siet.
De koaning wie freonlik en tige bliid, doe't er syn ketting wer seach.
"Dû bist noch us in keardel!" rôp er.
"Siz op! Hwat wolstû ha? Al hwatstû fregest, krijst."
Doe sei it boerke: "As it hiel nuver is, krij ik it dan ek?"
"Ja, al is 't ek noch sa bryk, hwatstû fregeste, krijst", antwurde de koaning.
"Set dan in tontsje op it binneplein fan it paleis. It geskink dat ik freegje, dat binne hûndert slaggen mei de baelskeppe op 'e rêch fan deselde, dy't der mei 't liif oerhinne leit. Dan bin ik tofreden."
De koaning krige tearen yn 'e holle. Hy sei: "It is dy tastien, mar it geskink is foar dy."
"Dat tochten jo mar", sei it boerke. "Lit de earste skyldwacht hjir mar us komme. Dy woe it fjirdepart fan 'e bileanning ha. Jow dy dus mar fiif en twintich slaggen mei de baelskeppe op 't gat."
De skyldwacht wurdt helle en krijt syn bileanning ûnder gemoart en gekjirm.
De koaning bigjint to bigripen hoe't de foarke yn 'e stâlle sit. Dan seit er: "Nou binne de oare fiif en sauntich slaggen foar dy, boer."
"Dat tochten jo mar", sei it boerke noch us. "Lit de twadde skyldwacht hjir mar us komme. Dy woe èk in fjirdepart fan 'e bileanning ha. Jow dy dus ek fiifentweintich slaggen."
It gebeurde lyk as it boerke hjitten hie. De twadde skyldwacht krige ek fiif en tweintich slaggen en hy raesde it út.
De koaning bigong aerdichheit oan 't gefal to krijen en sei tsjin 't boerke: "Nou binne de oare fyftich foar dy." Mar it boerke seit: "Dat tochten jo mar. Lit de lakei hjir mar us komme, dy't my by jo brocht hat. Dy woe de helte fan 'e bileanning ha. Jow him dus fyftich slaggen mei de baelskeppe op 't gat."
Doe krige de lakei syn part ek.
Doe frege de koaning it boerke: "Hwat woest nou sels graech ha?"
"Neat," wie 't antwurd, "hwant ik mat ommers partsje en dan bliuwt der foar my neat oer."
Mar de koaning sei: "Ik wyt wol rie. Ik haw in plaets yn Gaesterlân. Dêr meist op wenje sûnder hier to biteljen. En dû meist der mei dwaen krekt as wie 't dinen."
It boerke forhuze nei de greate plaets en hy woarde in wolsteld man.
(dit forhael fortelde ús heit ús yn 'e 90er jierren al.

Onderwerp

AT 1610 - To Divide Presents and Strokes    AT 1610 - To Divide Presents and Strokes   

ATU 1610 - Sharing the Reward    ATU 1610 - Sharing the Reward   

Beschrijving

Koning Redbad verliest tijdens de jacht zijn gouden ketting en looft een hoge beloning uit voor de vinder. Iedereen gaat fanatiek op zoek, maar niemand vindt de ketting. Een eenvoudig boertje vindt de ketting tijdens het houtsprokkelen en gaat op weg naar het paleis om het sieraad terug te bezorgen. Het boertje stuit op een schildwacht voor de paleispoort die hem alleen door wil laten, als hij een kwart van de beloning krijgt. Het boertje vindt het goed. Bij de voordeur van het paleis staat een bewaker die hetzelfde eist, en weer gaat het boertje akkoord. De derde in de rij is de lakei: hij wil het boertje alleen naar de koning begeleiden voor de helft van de beloning. Schoorvoetend stemt het boertje toe. De koning is erg blij met de teruggevonden ketting en vraagt aan het boertje wat hij als beloning wil hebben. Het boertje zegt dat hij met de turfschep honderd slagen op zijn rug wil hebben. De koning vindt zijn verzoek erg vreemd, maar laat toch een ton neerzetten waar de man overheen kan gaan liggen om zijn 'beloning' in ontvangst te nemen. Het boertje laat vervolgens de twee schildwachten en de lakei opdraven die met z'n drieën de hele beloning opgeëist hebben. De koning begrijpt hoe de vork in de steel zit en de drie mannen nemen kermend hun beloning in ontvangst. Na het pak slaag geeft de koning het boertje alsnog een beloning: hij mag zijn hele leven op een mooi stuk land van de koning wonen zonder ervoor te betalen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 149, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

2 januari 1967
To Devide Presents and Strokes

Naam Overig in Tekst

Redbad    Redbad   

Gaasterlân    Gaasterlân   

Naam Locatie in Tekst

Starum    Starum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21