Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ015002

Een sage (mondeling), donderdag 05 januari 1967

Hoofdtekst

Hinke Kaert wenne to Nijebrêge. It wie in bitûfte kaertlizter. Us Hindrik-om hat us nei har ta west. Hy woe de kaert lein ha. Hja sei tsjin him: "Dû matst aenst oer in planke, dêr komt dy ien yn 'e mjitte, dy sil dy om hwat freegje, datstû yn 'e bûse hast. Hindrik-om gnyske. Hy leaude der neat fan. Hy hie forkearing hawn mei in fanke, dat wie útrekke. Hy wie oan 'e planke ta, dêr wie se. "Hindrik," sei se. "ik woe myn bûsdoek wol ha. Hast dy by dy?"
Doe't er thúskom fortelde hy it.
Doe woe Piterom ek hinne (allebeide bruorren fan heit; Piterom is letter formoarde oan 't Wyldpaed)
Hinke sei: "Ik wol dy de kaert net lizze, hwant dû hast doch oeral de gek mei."
"Né," sei Piterom, "wier net. Ik wol èk wol us hwat wite."
Doe sei se, hy soe in ponge mei jild fine en in dronken keardel nei hûs ta bringe, en sa mear.
Doe kom er thús, sy laken der om.
Doe woe beppe ek hinne. Hinke Kaert sei: "Minske, ik sil jo neat fortelle. Ien ding sil 'k jo àl sizze, jo sille noch us in kear gûle, sa't jo noait earder gûld ha." Dat is útkom. Doe't ús Piterom formoarde woarde hat beppe ôfgryslik gûld.

Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

De kaartleester Hinke Kaert kan uit kaarten de toekomst voorspellen. Zij voorspelt aan twee broers wat er op de terugweg naar huis zal gebeuren - en het gebeurt ook. Hinke vertelt aan de moeder van de broers dat ze op een dag harder zal huilen dan ze ooit in haar leven gedaan heeft. Als later één van de broers vermoord wordt, begint de moeder inderdaad onbedaarlijk te brullen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 150, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

5 januari 1967
Das zweite Gesicht

Naam Overig in Tekst

Hinke Kaert    Hinke Kaert   

Hindrik-om    Hindrik-om   

Hindrik    Hindrik   

Piterom    Piterom   

Naam Locatie in Tekst

Nijebrêge    Nijebrêge   

Wildpaed    Wildpaed   

Hinke    Hinke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21