Hoofdtekst
Yn Lukaswoude (Gr.) siet yn it café in feint, dat wie in greaten spotter. Hy wie dêr oer iis op redens kom. Hy flokte en swetste mar en sei: "Ik bin foar gjin duvel bang. As ik aenst nei hûs gean, dan hoopje ik, dat er om my komt."
Even letter gong er út 'e herberch. 't Wie helder ljochtmoanne-waer. Hy boun de redens ûnder. Hy moest oer in kanaeltsje. Dêr lei in houten brêge oer. Mar hy hat it net bileefd, dat hy dêr ûndertroch kom is. Hwant der helle him stadich ien yn op redens. Doe't er dat fornom, bleau er stean, hy wie oan 'e brêge ta. Hy tocht: "nou ha'k aenst selskip."
Mar doe't dyselde by him wie, woarde er opnom en tsjin 'e muorkes fan 'e brêge oansmiten.
De oare deis ha reedriders him dêr dea foun. Hy wie alhielendal blau. Sa 'n reis hie de duvel him jown.
(fraech: Hwa koe dêr forslach fan oerbringe? A.A.J.)

Onderwerp
SINSAG 0542 - Von unsichtbaren Händen aufgenommen   
Beschrijving
Een stoere schaatsenrijder pocht voor de duivel niet bang te zijn. Hij hoopt zelfs dat de duivel zijn pad eens zal kruisen. Als de schaatser - bij lichtmaan - zijn schaatsen weer ondergebonden heeft, weet hij al snel een bijrijder naast zich. Als hij bij de brug komt, wordt hij gegrepen en tegen de muur aan gesmeten. De andere dag hebben andere schaatsenrijders hem daar dood gevonden. Hij was helemaal blauw.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 153, verhaal 7 (archief MI)
Commentaar
15 januari 1967
Von unsichtbaren Händen aufgenommen
Naam Overig in Tekst
Lukaswoude   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21