Hoofdtekst
Stammerige Harm syn mem hie in winkeltsje. Op in joun sieten se dêr meielkoar oan 'e kofje.
Doe sei 't minske ynienen: "Nou is 't aanst myn tiid." "Hoe dat sa?" sei ien fan 'e oaren. Guon makken der in grapke fan. Ien sei: "Ast it liichste, mast de stok oer de bealch ha."
Klokslach tolwe ûre yn 'e nacht die 't minske noch ien snok en doe wie se dea.
Sy wie in tsjoenster. Dêr kom it fan dat se wol krekt wist hwannear't de kweade har helje soe. Sy hie by har libben altyd in soad jild hawn, mar doe't se dea wie, siet der oars neat yn har beurs as ien wikseldaelder. Alle oare jild wie fuort. Dat is altyd sa mei dy lju dy't oan 'e duvel forkocht binne.
Har soan stammerige Harm wie ek oan 'e duvel forkocht. Dy hie ek in wikseldaelder.

Onderwerp
SINSAG 0882 - Der Wechseltaler (Teufelsgulden) wird mit viel Mühe erworben, und kehrt immer in die Tasche zurück.   
Beschrijving
De moeder van Stammerige Harm - een heks - heeft een winkeltje. Op een avond zitten ze gezellig koffie te drinken, als de moeder ineens zegt 'het is bijna mijn tijd'. Om middernacht blaast ze inderdaad haar laatste adem uit. De heks had bij leven altijd een hoop geld gehad - dat heb je altijd met die lui die hun ziel aan de duivel verkopen - maar nu zat er alleen een wisseldaalder in haar beurs. Ook Harm heeft een duivelspact gesloten: hij heeft ook een wisseldaalder.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 155, verhaal 19 (archief MI)
Commentaar
1 maart 1967
Der Wechseltaler (Teufelsgulden) wird mit viele Mühe erworben, und kehrt immer in die Tasche zurück
Naam Overig in Tekst
Stammerige Harm   
Harm   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21