Hoofdtekst
Heit woe nei Feanwâldstermerke ta om dêr in keal to keapjen. Mar hy hie gjin sinten genôch. Dêrom frege er stammerige Harm. Dy hie altyd sinten en woe ek altyd wol liene. Stammerige Harm hie in wikseldaelder, dat wie oeral wol bikend.
Harm wenne flak achter ús. Hy kom by ús en sei tsjin heit: "Jonge, Wibe, hwat hastû dêr in allerivichst moai reabont keal."
Heit lake him út. "In reabont keal? Mienst, dat ik der reabonte keallen op neihâld? Dy mei 'k net sjen." Mar Harm sei: "Dêr sit er. Dû krigest in reabont keal. En 't is in prachtich keal!"
Doe liende er heit fyftich goune. Dêr wied er altyd o sa maklik yn.
Heit en ik gongen togearre nei Feanwâldster merke.
Fuort it earste keal dat wy seagen, wie reabont. It wie in kostlik moai keal, mar heit woe nou ienkear gjin reabont ha. Wy gongen by de oare keallen lâns. Dat wienen allegear swartbonte. Mar der wie net ien by, dat ús rjocht oanstie. Wol in kear of seis, sawn ha wy de merk op en del west, mar der mankearde oan elk keal eins wol hwat. Dat, doe draeide it doch noch op it reabonte út. Dat wie fierwei moaist.
Doe't wy der mei thús kamen, lake ús mem. "Hoe kin dit nou, sei se: Dû wolst noait hwat fan reabont fé wite, en nou komst mei in reabont keal thús."
Stammerige Harm hie dus wol gelyk krigen.

Onderwerp
SINSAG 0671 - Zauberer hat das zweite Gesicht.   
Beschrijving
De vader van de verteller, Wibe, wil een kalf kopen maar kampt met geldgebrek. Gelukkig toont tovenaar Stammerige Harm zich bereid geld te lenen - Harm heeft immers als bezitter van een wisseldaalder altijd geld in overvloed. Harm voorziet dat de boer met een roodbonte koe zal thuiskomen, maar Wibe zegt lachend dat hij dat niet zo gauw ziet gebeuren omdat hij niet zo van roodbont vee houdt. Op de veemarkt zwicht Wibe uiteindelijk toch voor een mooi roodbont kalf: Harms voorspelling is uitgekomen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 163, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
5 september 1966
Zauberer hat das zweite Gesicht
Naam Overig in Tekst
Feanwâldstermerke   
Harm   
Stammerige Harm   
Wibe   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21