Hoofdtekst
Der wenne ek noch in âld man by harren yn, dat wie Tsjerk. Sy wienen alle trije deabinaud foar de duvel en foar tsjoenderije. Sy mienden om 'e haverklap dat se bitsjoend wienen.
Hja hienen yn 'e keamer in kleed spand. Dêr achter wie in hoeke, dêr wienen se feilich. Tsjerk rôp dan: "Kom hjir, kom hjir, hwant dêr komme se wer oan!" Dan gongen se achter it kleed.
As se nei de Ham ta moesten dan roannen se safolle mooglik oer paedtsjes, flak by de rogge lâns. En krigen se it thús to krap, dan setten se de rogge yn.
Rogge wie heilich, dêr kom de kweade net. (Sy hâldden foaral folle ta op 'e Ikkers - ûnder Droegeham - yn 'e rogge.)
By myn omke kom nou en dan in kat bûten yn 't finsterbank sitten. Omke tocht, dat it in tsjoenster wie, dat hy sette nei bûten ta mei in stok, en hy sei: "Astû Tet biste of astû Sjut biste, mar ik slach dy de harsens yn."
Mar hy hat de kat net reitsje kind. De kat bleau dêrnei wei.
Onderwerp
TM 3103 - Heilige rogge   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Japik Visser   
Antsje   
Skieppedrifte   
Tsjerk   
Ikkers   
Sjut   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Droegeham   
Ham   
Tet   
