Hoofdtekst
It gebeurde yn 'e foarige ieu to Eastemar, dat Popke bakker yn 'e neinacht in minske by de bakkerije lâns gean seach. Hy tochte, dy koe wol us net folle goeds yn 't sin ha. It koe wol us om syn takkebosken to dwaen wêze.
Dat hy slûpte har stil achternei. It minske gong de kant nei de Koemarke út en bleau stean op 'e earste trime fan 'e hekke.
"Hwat mat dat dêr?" sei Popke foars, mar doe seach er dat it Frytsen wie, dy't mei de helm geboaren wie. Frytsen sei: "Der komt in lyk út 'e Skytsleat op yn in deafet. Ik wyt net hwa't it is."
De bakker seach neat, mar in deimennich letter stoar der ien op it Wytfean. It Wytfean stie doe blank, lyk as dat yn 't foarige by 't winter wol faker it gefal wie.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een bakker ziet tegen het einde van de nacht een vrouw zijn bakkerij passeren. Omdat hij het zaakje niet vertrouwt, gaat hij haar achterna. Het blijkt een bekende helmdraagster te zijn die er 's nachts altijd uit moet om iets te zien. Ze vertelt de bakker dat ze een lijkstoet ziet passeren. Een tijdje later sterft er ook echt iemand.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 167, verhaal 16 (archief MI)
Commentaar
6 september 1950
Leichenzug gesehen & TM 2901: Helmdragers
Naam Overig in Tekst
Popke   
Koemarke   
Frytsen   
Naam Locatie in Tekst
Eastermar   
Skytsleat   
Wytfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21