Hoofdtekst
As der in lyk passeart, dat sjocht men lang altyd net. Mar men fielt it wòl oan jinsels. De minsken wurde dan oan kant reage. Dat is heit en mem ek us in kear oerkom. Soms mat men foar by de lykwein op en der achter wer by del. Fleden jier (1966) is 't noch gebeurd op 'e hege brêge yn Koatstertille. Doe siet ik yn 'e auto. Doe gong der hwat by ús lâns, dat moest èk oer de brêge. Mar ik koe 't net sjen. Wy moesten hwat oan kant. Sa'n tsien minuten ha wy dêr stien. Doe wie 't foarby. Dat hat ek in lykstaesje west.
Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een lijkstoet kan je vaak niet zien, maar wel voelen passeren. Vaak worden mensen gewoon van de weg afgeduwd, of aan de kant gedreven omdat de lijkwagen er langs moet. Het gaat hier om een voorteken; een voorbode van de dood.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 168, verhaal 7 (archief MI)
Commentaar
22 maart 1967
Leichenzug gesehen
Naam Locatie in Tekst
Koatstertille   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
