Hoofdtekst
't Is nou fiif jier lyn, doe kom myn soan us by my. Hy wenne yn Jistrum. Ik seach wol oan him dat der hwat oan skeelde.
Hy sei: "Sjocht mem noch wolris hwat?"
Ik sei: "Né, ik sjoch noait mear hwat en ik hear noait mear hwat. Dat hat de Heare my ûntnom."
Doe sei er: "Ik haw in eigenaerdich gefal hawn. Justerjoune, goed seis ûre, sieten wy by de itenstafel. Doe sei 't wiif: "Ik ha de molke forgetten. Ik sil even guon helje." Dat sy gong der út en ik joech my salang del yn in greate stoel en dêr woarde ik slûch yn. Ik die de egen ticht. Doe hearde ik geskarrel yn 'e keamer. Ik sei tsjin 't wiif: "Hwat biskripstû." Hwant ik miende dat hja der wie.
Mar sy wie der net en doe't ik de egen iepen die, stie der in deafet oer de flier. Ik gong der op ta. 't Wie net botte lang, mar wol breed. Ik roan der omhinne."
Ik sei: "Jonge, lei der ek ien yn?"
"Né," sei er, "allinne in kessentsje."
"Dan wie dat dyn eigen deafet, jonge", sei 'k.
Hy wie net great, mar wol moai dûbel.
"'t Wie om in ûre of seis hinne, seist, datst it seachste? Dan duorret it noch sahwat twa jier mei dy." Dat sei ik tsjin him.
Doe hat er noch alle war dien om dêr wei to wenjen, mar hy koe net in oar plak krije. Hy woe 't ûntrinne, mar soks ûntrint men net. Binnen de twa jier wied er wei.

Onderwerp
SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   
Beschrijving
Een zoon van een - voorheen - helderziende vrouw blijkt dezelfde gaven te hebben als zijn moeder eerst had. Hij ziet op een dag een lege doodskist in de kamer staan. De moeder voorspelt dat het nog bijna twee jaar zal duren voor haar zoon zal sterven. En inderdaad, binnen twee jaar overlijdt hij.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 169, verhaal 12 (archief MI)
Commentaar
29 maart 1967
Der Sarg gesehen
Naam Locatie in Tekst
Jistrum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21