Hoofdtekst
Rikele van der Veen wie boerearbeider. Alle moarnen gong er nei de boer ta. Hy gong de Nije wei lâns. Dêr wie doe in dyk njonken. Doe't er op in moarn wer dat paed lâns roan, kom der fan 'e oare kant in keardel oan, dy roan achter de dyk lâns. Sa passearden se elkoar. Rikele stande it net. Hy tocht: sa'n frjemde keardel op iere moarn, dy kin wolris net folle goeds yn 't sin ha. Dy wol grif nei Griet ta, myn wiif. Dat hwat Rikele to dwaen hie, dy gong werom en folge him. Mar hy woarde rare kjel, doe't dy keardel samar oer de dyk hinne sweefde en wei waerd by 't sinkgat. Doe't er by de boer oankaem, koed er net fiele dat er in pet op hie, sa dweiltrochwiet wied er fan 't swit.
Beschrijving
Een man achtervolgt een verdachte kerel, die plots over de dijk zweeft en over het water verdwijnt. De pet van de man was doorweekt van angstzweet.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 171, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
21 juli 1966
Naam Overig in Tekst
Rikele van der Veen   
Griet   
Naam Locatie in Tekst
Nije wei   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
