Hoofdtekst
Fan Akkrom nei de Jouwer moest men by Aldskou mei in pont oerset wurde. Op in kear kom dêr in âld frou by in boer om molke. "Ik hie in rare moeting", sei se. "Der kom in lykkoets dwars troch 't lân hinne." En hja wiisde it plak oan.
"Dat bistiet net", sei de boer. "Dat kin ommers net, dat rint dêr dea. Dat giet dêr op it wetter yn."
Mar hja hâldde fol dat hja it sjoen hie.
De Maeijes dêroan krige de boer in fêste arbeider. Dêr wie doe gjin hûs foar to krijen, dat doe kom er yn in skipke to wenjen, dat yn in opfeartsje lei fan de Aldeskou.
De simmers kom dêr in berntsje to forstjerren yn dat skipke. Doe woarde dat bern mei de lykkoets ophelle, krekt itselde paed lâns as it âldminske it sjoen hie.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een oude vrouw vertelt een boer dat ze ergens een lijkstoet gezien heeft. De boer zegt dat dat niet kan, omdat de stoet daar het water in zou rijden. Later krijgt de boer een knecht, die hij in een schip langs het water moet huisvesten. Er overlijdt een kind van de knecht, en de lijkstoet komt toch langs zoals de oude vrouw het gezien had.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 172, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
18 januari 1967
Leichenzug gesehen.
Naam Overig in Tekst
Akkrom [Akkrum]   
Jouwer   
Aldeskou   
Maeijes   
Naam Locatie in Tekst
Aldskou   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21