Hoofdtekst
De boer en 'e frou wienen to praten. De feint, de faem en de lytsfeint bleauwen thús. De feint dy hiet fan Ruerd van der Veen. Doe helle de faem in buorrel op. Wylst tekene Ruerd by de faem op it bêdsket in gleone keardel. De faem woarde de jouns ôfgryslike bang, doe't se op bêd soe. Hja rôp de boer der by. Dy hie fuort yn 'e gaten dat Ruerd dat lapt hie en sa moest Ruerd dêr ek forskine. Ruerd makke hwat meneuvels en samar wie de keardel fuort. (Dit wie Mike Ruerd, dy't yn 'e Smoarhoeke to Harkema wenne hat)
Beschrijving
Een knecht tekent bij het bed van de meid een vuurman. Zij wordt daar 's nachts bang van en haalt de boer erbij. De boer snapt wel dat de knecht dit gedaan heeft, en haalt hem erbij. De knecht maakt een gebaar en de vuurman is plots weer verdwenen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 173, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
30 juli 1966
Naam Overig in Tekst
Ruerd van der Veen   
Mike Ruerd   
Naam Locatie in Tekst
Smoarhoeke   
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
