Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ017910

Een sage (mondeling), woensdag 26 april 1967

Hoofdtekst

Ik wie ek us op 'e Lytse Wei op in moarntiid bitiid, doe soe 'k nei de boer ta to Koatstertille. Ik hie in houn by my, dy wie sa kwea, dy stie in keardel.
Mar op in stuit woarde dy houn sa binaud, dat hy krûpte my tusken 'e poaten. Ik koe him der net wei krije. Ik sei tsjin him: "Toemar, krij him mar." Mar hy gong my net tusken 'e poaten wei.
Doe't wy in eintsje fierder wienen, fleach er dwars troch de hage hinne. Ik tocht net oars as de hage moest der út reitsje mei woartel en al, sa raer gong it. Ik kin dy fortelle dat ik nuver gesteld wie.
Doe't ik by de boer kom, sei er: "Hwat ûntmoeting ha jo hawn?" Hwant hy seach it wol oan my. (It gebeurde sahwat om trije ûre yn 'e moarn)

Beschrijving

Een jongen is met een felle hond op weg naar een boer. Onderweg zien ze een gestalte staan, en de hond kruipt van angst weg tussen de benen van zijn baas. Even later vliegt de verschijning dwars door de heg weg. De boer ziet dat de jongen een vreemde ontmoeting heeft gehad.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 179, verhaal 10 (archief MI)

Commentaar

26 april 1967

Naam Locatie in Tekst

Lytse Wei    Lytse Wei   

Koatstertille    Koatstertille   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21