Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ018004

Een sage (mondeling), zondag 09 april 1967

Hoofdtekst

Doe't ik sa'n fanke fan trettsjin wie gong 'k mei myn omke Tsjerk to jirrappelsykjen foar Jelke Bonnes (Hoekstra) op it lân. Der wie ek noch in kammeraetske fan my by. Wy bigongen de moarns seis ûre al to sykjen en fortsjinnen twa dûbeltsjes deis. Fan elke kuorfol jirappels mochten wy ien jirappel foar ús sels hâlde en meinimme nei hûs ta. Ik fortelde myn kammeraetske dêr dat ik de oare deis nei Jan Ielkes Tryntsje ta soe. Doe sei se: "Doarstû dêr wol hinne? Dat is in tsjoenster."
Alde Jan Ielkes Tryntsje har egen dreauwen yn it bloed, mar ik moèst der hinne, hwant wy soenen in bakjefol jirappels fan har ha en ek noch in kladtsjefol roggemoal dat ik mei krige yn in Beintema's kofjepûde. Dêr wie ús mem tige hyt op. Ik moest earst hounebeistâl (= bitterzoet) foar Tryntsje sykje, hwant dêr koe se it hoastjen mei stjûre, sei se.
Ik rekke de oare deis nei Tryntsje ta. Myn kammeraetske hie sein: "Hwatst fan har opytste, dat foroaret yn in pod. Mar ast der earst hwat ôfdochst, kin 't gjin kwea."
It âld-minske joech my twa apels. Doe skrabbe ik mei de neil dêr earst hwat ôf en dêrnei iet ik de apels op. Der is my neat fan oerkom.





Onderwerp

SINSAG 0586 - Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten    SINSAG 0586 - Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten   

Beschrijving

Een aardappelrapend meisje waarschuwt haar vriendinnetje dat op het punt staat een heks te bezoeken. Alles wat ze van de heks krijgt en in het geheel opeet, zal veranderen in een pad, aldus het meisje. De heks geeft het meisje inderdaad twee appels, maar het meisje haalt van beide appels eerst een stukje weg met haar nagel. Zo krijgt de heks geen vat op haar.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 180, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

9 april 1967
Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten

Naam Overig in Tekst

Jelke Bonnes (Hoekstra)    Jelke Bonnes (Hoekstra)   

Jan Ielkes Tryntsje    Jan Ielkes Tryntsje   

Beintema    Beintema   

Tryntsje    Tryntsje   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21