Hoofdtekst
Doe roannen wy fierder nei Nyegea ta.
Doe't wy weromkommen wie 't al in ûre of acht, njoggen. 't Wie yn 'e tiid dat de Nyegeasterheide oanmakke is.
Beint helle de boadskippen oan by Abraham van der Leest en doe roannen wy fierder. Doe sei Beint: "Sjoch, dêr is noch ien! Hwa mei dat noch wêze!" Doe seagen wy dat it sweefde. It sweefde by de bosk lâns in stikje lân del. Beint wie bang.
Doe't ik thús kom sei 'k tsjin mem: "Wy ha hwat sjoen. It wie krekt as stapte der hwat út in boatsje nei de kant ta", sei 'k. "Dat bigong to sweven. 't Wie krekt in greate houn, dêr 't hwat boven op siet." Mem sei: "It hat hjir èk west. Ik ha krekt itselde sjoen." (Wy wennen doe oan 'e polderdyk ûnder Aldegea - nou Tike)
Onderwerp
SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Beint Dekker   
Beint   
Abrahams Tryn   
Tryn   
Abraham van der Leest   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Nyegea   
Nyegeasterheide   
Aldegea   
Tike   
