Hoofdtekst
Der wenne in man op Burgumerheide, dat wie froeger in feardige arbeider. Deis wied er altyd drok oan 't wurk en jouns skearde er wol om der noch hwat by to fortsjinjen.
Mar letter woarde er syklik en kom er hielendan yn elkoar to rinnen. (roungear)
Doe gong er nei in kwaksalver ta. Dêr mastere er mei. Dat wie tagelyk in duvelbander. Dy die him in bantsje om 'e hals. As dat ôffoel, sei er, dan wie syn pasjint genezen. Hy siet ûnder 't forkearde folk. Deselde dy't it him lapte, hie in lyts handeltsje. Dy't de oare deis it earst by him op it hiem kaem, dat wie deselde dy't it him oandien hie.
Sjouke Kloetstra wie de oare moarns de earste dy't by him op 't hiem kaem. Sjouke hie in petroaljehandel en ried mei in weintsje. "Folk!" rôp er.
"Jo matte gau meitsje dat jo fan 't hiem komme," wie 't biskie, "hwant wy sitte hjir ûnder forkeard folk. De earste dy't hjir komt, dy docht it. En dat binne jo."
Sy ha Sjouke fuortjage.

Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Een zieke arbeider schakelt de hulp van een duivelbanner in om beter te worden. De arbeider krijgt een bandje om zijn hals: als dat afvalt, is hij genezen. Hij heeft onder fout volk verkeerd, dat hem betoverd heeft. De volgende dag zal iemand met een klein handeltje op zijn erf komen. Dat is degene die hem betoverd heeft, aldus de duivelbanner. De volgende ochtend verschijnt de heks Sjouke op het erf met haar petroleumkar. Ze wordt direct verjaagd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 185, verhaal 11 (archief MI)
Commentaar
21 april 1967
Volksgeneeskunde
Naam Overig in Tekst
Sjouke Kloetstra   
Sjouke   
Naam Locatie in Tekst
Burgumerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21