Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ018711

Een sage (mondeling), zaterdag 03 december 1966

Hoofdtekst

Molenrie is in plakje yn Grinslân. It leit flak by Kloosterburen. Dêr ha wy wol hinne west to flaechsteppen. Ik wie doe noch jong. Op in snein leinen wy mei oaren yn 'e berm flak by de plaets dêr't wy oan 't wurk wienen. Wylst bigong Roel van der Meer in sang to sjongen:
De schooister verklaarde dat zij die was koud.
De meid die moest daad'lijk om turf en hout
om die schooister te verwarmen.
(wize: Heb je wel gehoord van 't Oranje-lied)
Doe sei ien fan 'e arbeiders fan 'e boer: "Stil - stil - stil, dy sang mei hjir net song wurde, hwant dat is hjir yn 'e skuorre gebeurd." Foar yn dy skuorre wie in bern formoarde woarn. De boer dy't der doe wenne hiet fan Willem Mulder. Sûnt dy tiid wie 't der net mear plús. Der wie in golle yn dy skuorre, dêr mocht net ien yn sliepe. Gebeurde 't al dan lei sa'n ien de oare moarns mear dea as levend op 'e telle. Mei de hynders wie 't krektsa. Dat stie de oare deis ek op 'e telle, as se him yn dat heafek delsetten.




Beschrijving

In een bepaalde schuur is vroeger een kind vermoord. Dieren en mensen kunnen tot vandaag de dag niet zonder gevaar voor eigen leven overnachten in de schuur. Het is een spookschuur.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 187, verhaal 11 (archief MI)

Commentaar

3 december 1966

Naam Overig in Tekst

Molenrie    Molenrie   

Roel van der Meer    Roel van der Meer   

Oranje-lied    Oranje-lied   

Willem Mulder    Willem Mulder   

Naam Locatie in Tekst

Grinslân    Grinslân   

Kloosterburen    Kloosterburen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21