Hoofdtekst
Der kommen us twa froulju oanfarren yn in greate bijekoer. It wienen nachtmerjes. Sy farden oer de Burgumermar. Sy songen har heechste liet op it wetter.
Doe't se oan 'e oare kant fan 'e mar kom wienen, leinen se de bijekoer oan 'e kant. Mar dêr wie in man, dy hienen se net sjoen. Dy krûpte fansiden, doe't se der oankommen. Hy harke wyls nei it sjongen.
Doe't de beide nachtmerjes de bijekoer forlitten hienen, krige dy keardel him gau en burch him opside.
Letter kommen dy beide froulju werom. Doe sochten se wakker nei de bijekoer, mar sy koenen him net fine. Doe kom de man foar den dach.
"Wie dat jimme koer?" sei er. "Hjir ha jim him wer."
De beide nachtmerjes gongen wer yn 'e bijekoer en sa farden se wer oer de mar hinne.

Onderwerp
SINSAG 0791 - Begegnung mit Mahr.   
Beschrijving
Twee nachtmerries varen zingend over het meer in een bijenkorf. Als ze de bijenkorf op de kant laten liggen, neemt een boer het ding mee. De nachtmerries komen vervolgens terug om de korf te zoeken.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 192, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
30 april 1967
Begegnung mit Mahr.
Naam Overig in Tekst
Burgumermar   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21