Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ019211

Een sage (mondeling), zondag 30 april 1967

Hoofdtekst

Knjillis Veenstra wenne yn Sweagerbosk. Wy seinen altyd Bontsje Keke, ek wol âlde Keke. Heit en dy wienen us op in nacht om twa ûre byelkoar bûtendoar. Mei in stik of hwat oaren soenen se nei Grinslân ta nei de bou. Keke wie der ek by. Doe sei Keke ynienen: "Gean achter my. Toe, fan 'e wei ôf, hwant der komt hwat oan." Heit en dy seinen: "Der is ommers neat." Hwant sy seagen neat. Mar sy gongen dêrom al oan kant. It skeat heit yn 'e gedachte dat âlde Keke mei de helm geboaren wie. Hy seach altyd lykstaesjes ensa.
Even letter sei Keke: "Kom nou mar wer op 'e wei, hwant hja stean al om 't graef hinne."
"Hwa is dat, dy't yn 't graef komt", frege heit.
Keke sei: "Hjir gebeurt in ûngelok. Binnen fjirtsjin dagen rekket Piter fan Bearn Aukes dea yn Burgum. Hy rekket tusken twa weinen en hy wurdt hjir bigroeven."
't Gebeurde ek sa en hy is dêr op 't hôf kom.




Onderwerp

SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen    SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   

Beschrijving

Een helmdrager maant zijn kameraden opzij te gaan voor een passerende lijkstoet. De helderziende voorspelt dat er een man omkomt bij een ongeluk, op welke wijze dit gebeurt en hij ziet de hele begrafenis in detail aan zich voorbijtrekken. Veertien dagen later sterft de man in kwestie daadwerkelijk als hij tussen twee wagens in valt. Alles gebeurt op precies dezelfde wijze als de helmdrager voorzien heeft.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 192, verhaal 11 (archief MI)

Commentaar

30 april 1967
Leichenzug gesehen & TM 2901: Helmdragers

Naam Overig in Tekst

Knjillis Veenstra    Knjillis Veenstra   

Bontsje Keke    Bontsje Keke   

Piter    Piter   

Bearn Aukes    Bearn Aukes   

Naam Locatie in Tekst

Sweagerbosk    Sweagerbosk   

Keke    Keke   

Burgum    Burgum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21