Hoofdtekst
Yn 'e Sweagerbosk stie in boerespultsje. It gong der dêr altyd bot oan wei. De dingen rekken dêr samar fansels fan 't plak en men seach noait ien dy't it die. Se ha wol sein dat it it wurk fan wurkgeasten wie. De frou har earizer lei soms yn 'e groppe achter de kij ynpleats fan yn 'e kast. Alles kaem dêr op rare plakken tolânne. Doe binne se nei Jonge Jan tagong, de duvelbanner fan 't Wytfean. Dy is kom. Doe't er noch net oan har ta wie, sei er:
"Dêr wenje jim."
Hy bistruide de boel mei it iene en oar en sei:
"Nou sil hjir yn 't koart wol hwat gebeure."
In skoftsje letter is 't spul ôfbrând. De frou dy't dêr wenne hat, hat ús faek forteld, hoe't it dêr wol oanwei gong wie. Alles lei altyd oeral.

Onderwerp
SINSAG 0061 - Werkgeister   
Beschrijving
Op een boerenplaats ligt nooit iets op de plaats waar het hoort te liggen: alles wordt verplaatst en op de gekste plekken teruggevonden. Waarschijnlijk is dit het werk van werkgeesten. De duivelbanner strooit een goedje rond en voorspelt dat er binnenkort iets staat te gebeuren. Kort daarna brandt de hele boerenplaats af.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 198, verhaal 12 (archief MI)
Commentaar
7 juni 1967
Werkgeister
Naam Overig in Tekst
Jonge Jan   
Naam Locatie in Tekst
Sweagerbosk   
Wytfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21