Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ020103

Een sage (mondeling), woensdag 14 juni 1967

Hoofdtekst

Yn Sweagerbosk dêr wenne âlde Tryntsjemoai. Dat wie heit syn beppe. De minsken dy't dêrfoaroer wennen hienen hinnen. De frou dêrre dat wie in tsjoenster.
De hinnen kommen hyltyd op beppe har gerjochtichheit. Dan jage beppe se wer fuort.
Doe woarden dy minsken lulk.
Beppe woarde siik. Der sieten krânsen yn har kessen. Se wie bitsjoend. Dat hie dat minske njonken har dien.
Krekt de deis fan tofoaren, foardat se it kessen iepentoarnden hienen se in fremde kat in trewinkel jown.
Beppe en dy dienen alle gatten ticht en alle naden, ek de slotsgatten. Doe brânden se de krânsen op.
Doe kom de dochter fan it minske dat njonken beppe en dy wenne by har. Dy sei: "Och minsken, wolle jim by ús mem komme? Sy hat sa'n seare foet."
"Né," sei beppe, "dat dogge wy net. Noù is 't de iene syn beurt, dàn de oare."


Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Een vrouw joeg altijd de kippen van de buren haar plaatsje af. De dag nadat ze ook nog een vreemde kat een klap had gegeven, werd de vrouw ziek. Ze vond kransen in haar kussen, en verbrandde deze. Ook dichtte ze alle gaten en naden in huis. Toen kwam de dochter van de buurvrouw vragen of ze bij haar moeder wilde komen omdat zij zo'n zere voet had. De vrouw weigerde en zei: "De ene keer is het de ene zijn beurt, en de andere keer is het de ander zijn beurt.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 201, verhaal 3

Commentaar

14 juni 1967
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.

Naam Overig in Tekst

Tryntsje    Tryntsje   

Naam Locatie in Tekst

Sweagerbosk    Sweagerbosk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21