Hoofdtekst
Sibe Henstra (byneamd Sibe Liger) fortelde: "Doe't ik sa'n feint wie, kom ik us út it kroechje dat oan 'e Swadde stie. 't Wie let op 'e joun. Doe kom der my in deakiste op roltsjes achternei. Ik woarde binaud en tocht: - ik mat mar fan 'e greate wei ôf. Dan folget dat ding my net mear. Doe gong it skeanôf it lân troch. Ik sprong oer twa sleatten hinne. Mar de kiste folge my achternei. Oeral dêr't ik hinne gong, dêr gong de kiste èk hinne. Ik woarde deabinaud. Op 't lêst wie 'k by mem en dy.
Ik smiet de doar achter my ticht. Doe die de kiste noch in pomp tsjin 'e doar oan. Ik wie sa bot út myn sintrum, dat ik rekke mei de skuon oan op bêd."
Koartlyn tofoaren wie syn suster stoarn.
Ik smiet de doar achter my ticht. Doe die de kiste noch in pomp tsjin 'e doar oan. Ik wie sa bot út myn sintrum, dat ik rekke mei de skuon oan op bêd."
Koartlyn tofoaren wie syn suster stoarn.
Beschrijving
Kort nadat de zus van een knecht is overleden, werd de jongeman achtervolgd door een doodskist.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 201, verhaal 9
Commentaar
14 juni 1967
Naam Overig in Tekst
Sibe Henstra   
Sibe Liger   
Swadde   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
