Hoofdtekst
Willem, de soan fan Douwe Iest yn 'e Koaten joech om God noch syn gebot. Op saterdeijoun mat er mei dien ha oan in avondmael yn 'e herberch yn 'e Koaten. Hy joech nergens om.
Wy wennen op it Hegelân. De saterdeis hie Willem gâns omploege. De jouns sei er: "Hwat hjoed net om komt, komt moarn om."
De oare moarns ier - dat wie de snein-to-moarns - woarde der by ús op 'e blinen tikke.
"Germ, wolle jo der even ôfkomme?" woarde der sein.
Germ, dat wie ús heit.
"Ik soe jo even fortelle dat Willem Iest oan 't ploegjen is."
"Hjir is gjin rie ta," sei mem, "dêr wurdt er swier foar straft."
Hy hat in raer útein hawn. Hy is spottendewei stoarn.

Beschrijving
Godslasteraar schijnt zelfs bij een avondmaal in een café te zijn geweest, zegt zaterdags dat wat die dag niet is geploegd morgen kan. Hij gaat zondags ploegen, waar hij volgens anderen voor gestraft zal worden.
Bron
Corpus Jaarsma, Archief Meertens Instituut, verslag 202, verhaal 12
Commentaar
12 juni 1967
Naam Overig in Tekst
Willem   
Douwe Iest   
Koaten   
Kooten   
Hegelân   
Hogeland   
God   
Germ   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21