Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ020402

Een sage (mondeling), vrijdag 30 juni 1967

Hoofdtekst

To Tsjummearum wennen in broer en in suster.
Har mem wie to bakerjen op in pôlle tichte by de sédyk. Togearre gongen de broer en de suster op in joune let dy kant út om har mem op to heljen. Sy moasten oer de feart. Dêr lei in heechhout oerhinne. Sa kamen se op in sintelpaed.
Dêr kaem in wite kat by har. Dy roun har hyltyd om 'e fuotten hinne. It dier wie net by har wei to slaen. Hja fortrouden 't net en seinen tsjin elkoar: "Wy geane werom."
Mar de kat kaem har nei.
Doe't se yn 'e buorren wienen by 't tsjerkhôf, wachten se. De kat wie fuort. Der kaem in âlde frou oan. Dy sei tige fluensk: "Sil jim jim mem wer helje?"
"Ja", seinen se. Mar hja tochten: hoe wit hja dat -
't Ald minske wie samar ynienen fuort en fuort dêrnei wie de kat wer by har.
De frou dy't mei har praet hie, wie in âld heks.
Dy koe har foroarje yn in wite kat.


Onderwerp

SINSAG 0594 - Verwandlung von Hexentier in Frau erspäht.    SINSAG 0594 - Verwandlung von Hexentier in Frau erspäht.   

Beschrijving

Een broer en een zuster waren eens onderweg om hun moeder op te halen, toen ze achtervolgd werden door een witte kat. Ze vertrouwden het niet en gingen weer terug. Vlakbij een kerkhof was de witte kat opeens verdwenen en kwam er een oude vrouw langs die wist dat ze naar hun moeder wilden. Die vrouw was een heks die zich kon veranderen in een witte kat.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 204, verhaal 2

Commentaar

30 juni 1967
Verwandlung von Hexentier in Frau erspäht.

Naam Overig in Tekst

Tsjommearum    Tsjommearum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21