Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ020405

Een sage (mondeling), vrijdag 30 juni 1967

Hoofdtekst

'Harkemastate' hat in stins west. Dy stie oan 'e Alddyk op 'e 'Kampioen'. De Roarda's ha der froeger op wenne yn 'e tiid fan 'e Krústochten.
Ien fan dy Roarda's is mei de krúsfarders meigien nei 't Hillige lân. Hy sei: "Ik kom werom. As ik net libben werom kom, dan kom ik dea werom."
Mar de measten kamen net werom, en dy Roarda sneuvele ek. Mar de holle fan 'e man is thúskaem yn in kiste.
Dy deadskop ha se plak jown boppe de bûthúsdoar yn 'e muorre fan Harkemastate. As dy kop dêr weinaem waerd, gyng it tige mâl. Dan gong it dêr bot op in spookjen.
Dan bigounen de weinen fansels to riden en alles rekke fan 't plak.
Op in kear hat Frâns Miersma dy kop dêr út wei helle. Dat is wol mear as hûndert jier lyn. Dove Frâns waerd er neamd, hy wie nergens bang foar.
Hy brocht de kop yn 'e parrebeam. Doe bigounen de doarren út har sels hinne en wer to slaen, der foel jild del, de froulju foelen flou. It gyng allegear like mâl.
Dove Frâns hat doe de deadskop wer yn 't kastke set. It jild lei net mear oer de flier. Dy kop moat nòch yn 'e pleats sitte. Se ha him èk ûnder 'e stâl hawn.


Beschrijving

Een man ging op kruistocht naar het Heilige land, maar verzekerde de achterblijvers dat hij terug zou komen, levend of dood. Toen hij onderweg sneuvelde, kwam inderdaad zijn hoofd in een kist terug. Dat doodshoofd hebben ze toen in het huis een plek boven de buitendeur gegeven. Als het hoofd daar weggenomen werd, ging het er op een spoken. Dan gingen de deuren vanzelf heen en weer slaan, en al het geld viel over de vloer, en alle vrouwen vielen flauw.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 204, verhaal 5

Commentaar

30 juni 1967

Naam Overig in Tekst

Harkemastate    Harkemastate   

Kampioen    Kampioen   

Roarda    Roarda   

Heilig land    Heilig land   

Naam Locatie in Tekst

Alddyk    Alddyk   

Oudedijk    Oudedijk   

Israel    Israel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21