Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ020505

Een sage (mondeling), vrijdag 30 juni 1967

Hoofdtekst

Hjir skeef tsjinoer hat in pleats stien. Dêr wenne Anders Reitsma op, dy is letter nei Froubuorren gong.
1 augustus 1895 is dy pleats ôfbarnd. It waerd yn oktober fjouwer jier. Der wie heabroei, de arbeiders hienen oan 't headollen west.
Ik wit noch dat heit thúskaem en sei: "Reitsma syn pleats stiet yn 'e brân.
Hein v.d. Burg wurke by Anders Reitsma. Hy wenne op 'e Bearepôlle yn in arbeidershûs. Dy hie in pear dagen fan tofoaren dold. Hy naem in topke hea mei, dat hied er yn 'e bûse. It hie in moaije kleur.
"Der is gjin gefaer mear by", sei er tsjin syn frou.
Mar it minske sei: "Ik hoopje dat it wier is. Ik haw de pleats fannacht brânnen sjoen."
De man lake. "Dû hast droomd", sei er.
Mar hja lake net. In pear dagen letter is er opbarnd.


Onderwerp

SINSAG 0491 - Vorzeichen eines Brandes    SINSAG 0491 - Vorzeichen eines Brandes   

Beschrijving

Een vrouw had een boerderij op een nacht zien branden. Een paar dagen later brandde het bedrijf inderdaad af, er was hooibroei geweest.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 205, verhaal 5

Commentaar

30 juni 1967
Vorzeichen eines Brandes

Naam Overig in Tekst

Anders Reitsma    Anders Reitsma   

Hein van der Burg    Hein van der Burg   

Naam Locatie in Tekst

Froubuorren    Froubuorren   

Bearepôlle    Bearepôlle   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21