Hoofdtekst
Yn Furdgum wenne in boer, dy hie in greatfeint en in lytsfeint. Dy lytsfeint wie tige dryst en nergens bang foar. Op in kear waerd de lytsfeint nei 't doarp ta stjûrd om sjerp to heljen. Hja woenen him nou en dan wolris slite. 't Wie joun en it paed gyng oer 't tsjerkhôf.
Op 'e weromreis, noch foardat er oan 't tsjerkhôf ta wie sloech de lytsfeint de sjerppot stikken tsjin in muorre oan. "Sjesa," sei er, "altyd fan dy skytboadskipkes."
Dêr woed er wolris ôf wêze.
Doe kaem er op it tsjerkhôf. Dêr stie de greatfeint. Dy hie in wyt lekken om him hinne slein, hy woe de lytsfeint ris bang meitsje. Dêrom wied er dêr hinne gien.
Mar de lytsfeint wie alhiel net fan 'e wize. Hy bleau gewoan stean en sei: "Ien yn in wyt lekken ha 'k wol faker sjoen. Mar dy swarte gedaente dêr achter, dat is famylje fan 'e duvel en as ik it goed sjoch, wol er dy yn 't wyt lekken pakke."
Doe waerd de greatfeint sa bang, dat hy naeide hurd út.
De lytsfeint, dy't wol yn 'e gaten hie, hwa't it wie, fortelde alles, doe't er thúskaem.

Onderwerp
VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop   
ATU 1676 - The Pretended Ghost   
sinVDK 1676E* - "Zwei Weisse mit einem Schwarzen darauf, hab ich noch nie gesehen"   
Beschrijving
De jongste knecht van een boer moest eens in het dorp stroop gaan kopen. Op de terugweg, bij het kerkhof, stond de oudste knecht hem op te wachten. Hij had een wit laken over zich heen gedaan, om de ander te laten schrikken. Maar deze had alles door en maakte juist de oudste knecht bang. Hij zei dat hij wel vaker een wit laken had gezien, maar nog nooit de zwarte gedaante erachter (duivel) die het laken probeerde te pakken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 205, verhaal 13
Commentaar
30 juni 1967
Spookspelen: twee witten met een zwarte erop
Naam Locatie in Tekst
Furdgum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21