Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ020615

Een sage (mondeling), dinsdag 23 mei 1967

Hoofdtekst

Der wenne in timmerman yn Bakkefean, dy krige beammen thús. It wienen grouwe beammen dy't sage wurde moasten. Hja moasten fan 'e mâllejan ôf helle wurde. Mar omt dat tige op 'e lea oankaem, hied er Ynse der by helle. Dy rette it kerwei allinne op.
"Hwer moatte se lizze?" frege Ynse.
"Dêr mar", sei de timmerman.
Ynse lei sa in stik of fiif grouwe beamstammen toplak.
Doe kaem de frou fan de timmerman tofoarskyn en rôp: "Thédrinke hear!"
Mar hja kamen net sa gau.
Doe rôp se nochris "Thédrinke! Hearst wol, Sibe?"
De timmerman sei: "En Ynse dan?"
"Dy wennet hjir flak by," sei se, "dy kin wol nei hûs ta gean."
Mar wylst de timmerman en syn wiif sieten to thédrinken naem Ynse de beamstammen ien foar ien wer fan 'e groun en lei se moai byelkoar op 'e mâllejan.
Doe't it thédrinken dien wie, moast de timmerman mar sjen, dat se der wer ôfkamen.


Onderwerp

TM 2801    TM 2801   

Beschrijving

Sterke Ynse hielp eens een timmerman grote boomstammen van de mallejan af te krijgen. Daarna riep de vrouw van de timmerman dat ze thee voor hem had gezet. Toen de timmerman vroeg of Ynse dan niets kreeg, vond ze dat deze thuis zelf wel iets kon gaan drinken. Terwijl de timmerman toen met zijn vrouw thee zat te drinken, heeft Ynse de boomstammen weer op de mallejan gelegd.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 206, verhaal 15

Commentaar

23 mei 1967
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Ynse    Sterke Ynse   

Naam Locatie in Tekst

Sibe    Sibe   

Bakkefean    Bakkefean   

Bakkeveen    Bakkeveen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21